K-rûte: De ûnmooglike leafde fan Willem Schoorstra
У вашего броузера проблема в совместимости с HTML5
Fryslân Lêst Syn Toppers is op it stuit de lêsbefoarderingsaksje fan Tresoar, it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum. Fjouwer Fryske boeken waarden ferline jier yn dat ramt op 'e nij útjûn. Yn de wike fan Falentynsdei slút Tresoar it projekt ôf mei in ûntwerpwedstriid en in Fryske jûn oer it fjirde boek 'Swarte Ingels' fan skriuwer Willem Schoorstra. In nijsgjirrige jûn oer it tema fan it boek: de ûnmooglike leafde.
Yn oanrin nei dizze jûn kaam de K-rûte yn Ternaard terjochte by skriuwer Willem Schoorstra.
Nei syn trochbraak mei 'Swarte Ingels' yn 2004 sil yn maart alwer syn tredde roman útkomme.
K-rûte gie mei him yn petear oer ûnmooglike leafdes yn 'e literatuer en beseach mei sjuerylid Schoorstra de ynstjoerings fan de ûntwerpwedstriid.